Yn de natuerkunde is de ympuls (Ingelsk:momentum) in grutheid relatearre oan de snelheid en de massa fan in objekt. De ympuls wurdt soms ek "hoemannichte fan beweging" neamd. Binnen de klassike meganika is ympuls p {\displaystyle p} definearre as: p → = m v → {\displaystyle {\vec {p}}=m{\vec {v}}} ofwol, de ympuls is it produkt fan de skarlêre grutheid massa en de fektoriële grutheid snelheid. De ympuls is dus ek in fektorgrutheid, mei deselde rjochting as de snelheid. De ienheid fan ympuls is N s {\displaystyle Ns} , wat in SI-ienheden delkomt op k g . m s {\displaystyle {\frac {kg.m}{s}}} .
Developed by StudentB